Show notes
Neurofibromatosis type 2. In ûnbekende sykte werby't der goedaardige tumoaren yn it lichem groeie. Se groeie stadich, mar se kinne wol senuwen ôfklemme. Dat is net alline pynlik, it soarget soms ek foar útfal fan funksjes. NF2 is in seldsume sykte dy't net genêzen wurde kin. Ien op de 400 minsken yn Nederlân hat it. Barry Nijenhuis fan it Hearrenfean is ien fan harren. Omdat it sa seldsum is, is der noch net in soad ûndersyk nei dien. It Leids Medisch Centrum docht op dit stuit wol ûndersyk en om jild foar dat ûndersyk yn te sammeljen hat Barry Nijenhuis in boek skreaun. In 'goede doelenboek' werby't de opbringst nei it LMC giet. It Buro prate mei Nijenhuis oer syn sykte.
Over deze podcast
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Meer over deze podcast