Doorzoek met AI de inhoud van alle afleveringen van Buro de Vries (Podcast) en spring direct naar het juiste fragment.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Lees meer
Afleveringen
6 sep. '26
Buro de Vries, petear oer previnsje suiside
Sjoch nei mekoar om en praat deroer. Dat is it boadskip oan ús allegear. As it giet om selsdeading(suïside) falt it faak stil. Der leit in taboe op it ûnderwerp. Dat moat derôf, sizze Bruno Rummler, Sjoerd Klaas Steegstra en professionals Esther Hoekstra en Marianne Poelman. Dizze wike is de suïsideprevinsjewike. Omtinken foar it tema is tige wichtich fine de fjouwer.
5 jul. '26
It simmerpetear mei Mirka Antolovic
Se wie in famke fan 11 doe't ynienen de koffers pakt waarden en Ljouwerter (eks) riedslid Mirka Antolovic op de flecht moasten. Se wenne mei har mem yn Kroaasje yn in lyts doarp. Fia omswalkingen kaam de jonge Mirka mei har mem earst yn Limburg telâne. Foar har stúdzje ferhuze se nei Ljouwert en bleaun hjir. Want ien dy't samar fuort moat út eigen omjouwing wurdt letter faak honkfêst seit se. It oarlochsgeweld is fansels traumatysk. Mar dat samar út je omjouwing rukt wurde is noch folle slimmer seit de direkteur fan Tûmba. Dat fertelt se yn in langer petear mei Simone Scheffer fan Buro de Vries.
21 jun. '26
De thermometer yn de Fryske Mienskip: wat hâldt Friezen út 'e sliep?
Wat libbet der ûnder de minsken yn Fryslân? It Buro fernimt dêr sa no en dan nei troch op ferskate plakken de dyk op te gean. Dit kear stekke we de themometer yn Surhústerfean, Bakkefean en It Hearrenfean om te fernimmen wat har út de sliep hâldt .....
14 jun. '26
Jan Buruma en syn bisûndere bân mei Oekraïne
Fries om útens Jan Buruma oer syn bisûndere bân mei Oekraïne...
31 mei '26
Allardseach: Wybren van Os groeide der op en fertelt der oer
De heit fan Wybren van Os wie jierren lang praktysk wurklieder en behearder by de Folkshegeskoalle Allardseach ûnder Bakkefean. Hy wenne ek mei syn húshâlding op it terrein. Soan Wybren van Os (1955) nimt it Buro mei op 'n paad oer it terrein en fertelt it ferhaal fan Omke Jarig en wat der efter wei kaam...
10 mei '26
It swarte gat fan Alyda
Wa bin ik noch? Wa sit der noch op my te wachtsjen? En is der eins wol plak foar my yn dizze wrâld? It wiene de grutte fragen fan âld paralympysk hurdfytster Alyda Norbruis út Oerterp. Se hat swiere jierren hân dêr't depresje en swarte dagen har libben behearsken. Nei in suksesfolle karriere mei in bulte wrâldtitels en Olympysk goud kaam se fan de ien dei op de oare thús te sitten. Har ferhaal oer in inkswarte perioade.
16 apr. '26
Weromsjen op de útbraak fan tongblier yn Fryslân, 25 jier lyn
Op 10 april 2001 wie it ek yn Fryslân safier: op in bedriuw yn Ie waard tongblier konstatearre en in dei letter barde itselde op in bedriuw yn Eanjum. Tongblier is in tige besmettelike sykte foar kij, skiep, hynders, bargen en geiten. Tûzenden kij binne doe dea makke om fersprieding fan it firus foar te kommen. Douwe Boersma wie doe sjoernalist hjir by de Omrop en wenne yn it troffen gebiet. Hy is te gast. En ek LTO bestjoerde Jan Teade Kooistra en lektor Dier en Gezondheid Wiepk Voskamp fan Hegeskoalle Van Hall Larenstein komme oan it wurd oer tongblier doe én no.
5 apr. '26
Peaskesnein om 6 oere moarns nei tsjerke want dat is de tiid dat it fan tsjuster wer ljocht wurdt
Wer't foar in soad minsken Peaske bestiet út it sjen nei the Passion, it iten fan sûkelarje-aaikes, it skilderjen fan hinneaaien en it meiïnoar genietsjen fan in peaske-brunch, is dat foar de kleasterlingen op Nijkleaster hiel oars. Nijkleaster is in - sa't inisjatyfnimmer Hinne Wagenaar it omskriuwt - nij monastyk projekt, werby't besocht wurdt om op in moderne wize de âlde wiisheid fan it kleasterlibben wer opnij klinke te litten. De kearnwurden dêrby binne stilte, besinning en ferbining. Hinne Wagenaar fertelt oer de betsjutting fan Peaske foar him persoanlik en oer hoe't der yn it moderne kleaster Peaske fierd wurdt.
29 mrt. '26
Johan Wagenaar oer genealogy
Fan wa bisto der ien? Dy fraach is de kearn fan genealogysk ûndersyk. Wa binne dyn foarâlden? Buro de Vries praat mei Johan Wagenaar, eigener fan histoarysk ûndersyksburo 'It Alders Erf", oer syn leafde foar stambeamûndersyk. En dûkt mei him it ferline yn.
22 mrt. '26
Ferhalen út Blauhûs yn Europeesk projekt 'SAVE'
'SAVE' stiet foar Stories of the Archipelago of Villages in Europe. Yn dit Europeeske projekt wurde ferhalen út fjouwer hiel ferskillende Europeeske doarpen sammele. It giet om de doarpen Jadagoniai yn Litouwen, Praputnjak yn Kroatië en Hopovo yn Servië. En it fjirde doarp is in doarp yn Fryslân: Blauhûs. Sjoerd Litjens en Sippy Tigchelaar ha mei 30 ynwenners praten, dy ferhalen opnommen en opskreaun. Mei foto's derby fan de minsken dy't oan it wurd komme binne de opskreaune ferhalen bondele yn in boek. En de audio fan de ferhalen komme op in webside dêr't ek de ferhalen út de oare dielnimmende doarpen op komt. Yn Buro de Vries prate presentator Geartsje de Vries mei Sjoerd Litjens, de inisjator fan it projekt yn Fryslân en mei Acronius Ettema, dy't him as bestjoerslid fan pleatstelik belang Blauhûs sterk makke hat foar de realisaasje.