Show notes
It is in min jier foar de hoarnûl, oftewol de ransuil. Dat komt omdat it in wiet jier west hat, en dat is min foar de mûzen, en hoarnûlen frette mûzen. In typysk gefal fan oarsaak en gefolch. Sjouke Scholten is fan it Sovon, it kennissintrum fan wylde fûgels yn Nederlân en telt rûmon dizze tiid hoefolle hoarnûlen hjir oerwinterje. Se skûlje faak yn hege beammen. Buro de Vries moetet Scholten yn Drachten. Tegearre geane se op syk nei in beam fol hoarnûlen...
Over deze podcast
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Meer over deze podcast