Show notes
Nei 120 jier is der in ein kaam oan de organisearre frijsinnichheid yn Fryslân. De Fryske feriening fan Frijsinnigen hat himsels opdûkt. Emearitus predikant en skriuwer Rienk Klooster fan Ljouwert begrypt dat wol. Neffens Klooster kenmerken de frijsinnigen - dy't ek wol 'modernen' neamd waarden - har troch ûndogmatysk te wêzen en iepen te stean foar wittenskip en kultuer. Dat betsjutte bygelyks dat se har distansjearren fan boppenatuerlike wûnders. "De klam lei op de essinsje fan de Bibel en it kritysk lêzen dêrfan. Sa waard dit boek sjoen as samling fan net-histoaryske, mar symboalysk bedoelde leginden dy't boppedat beoardiele wurde moatte nei de tiid wêryn't se opskreaun binne."
Over deze podcast
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Meer over deze podcast