Show notes
"Sels bin ik in grut leafhawwer fan it Baskyske lân, de kultuer, it lânskip en de minsken." Dat seit ferslachjouwer Simone Scheffer. Se komt al jierren yn Baskelân. Dy regio hat wat mienskiplik mei Fryslân. Mar der binne ek ferskillen. Simone Scheffer wie dit jier seis wiken yn Baskelân. Yn dit artikel fertelt se wat wy Friezen fan de Basken leare kinne. Dêr hat se oer praat mei Durk Gorter, dy't wennet en wurket yn Baskelân.Gorter is heechlearaar en ûndersiker oan de Universiteit fan Baskelân. Hy is kritysk op de Friezen. "As je it fergelykje, is it belied yn Baskelân in euro en dat fan Fryslân in dûbeltsje", seit er.
Over deze podcast
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Meer over deze podcast