Show notes
"De wylde boerinne" giet oer twa boerebuorlju by Drylts, dy't tsientallen jierren lang slim spul ha. Skriuwer Teatse Eeltsje Holtrop út Drylts (1865-1925) wûn mei it ferhaal de novellewedstriid fan literêr tydskrift De Gids en sei dat it basearre wie op in wier bard ferhaal. Mar is dat echt sa? Ferhalemakke Froukje Sytsma en tëatermakker Ypie Zijsling dy't beide in fassinaasje ha foar "de wylde boerinne" gean op ûndersyk út. En komme ticht by de wierheid.
Over deze podcast
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Meer over deze podcast