Podric logo
Podcast aflevering

De Fryske skiednis yn tweintich spannende ferhalen: 'Vet Oud! Fryslân'

Buro de Vries (Podcast) 13 okt. '24
00:00
08:35

Show notes

It ferhaal werom yn de klasse krije. Dat wie it doel fan skiednisdosinten Aant Jelle Soepboer en Richard Zuiderveld. Sy skreaune 'Vet Oud!' in skiednisboek mei spannende ferhalen dy't yn it ferline spylje. Ta har eigen fernuvering wie it in grut sukses en nei dat earste boek folgen nochris fjouwer Vet Oud! boeken. Mei it sechsde diel oer de skiednis fan Fryslân nimt Aant Jelle Soepboer foarearst ôfskied fan it skriuwen fan skiednisboeken. De âld skiednisdosint is hjoed-de-dei twadde keamerlid en hat gjin tiid mear om te skriuwen.  Mar dat sechsde diel fan de skiednisrige giet oer Fryslân en dat leit Soepboer nei oan it hert. Der is dan ek foar keazen om der twa útjeftes fan te meitsjen: in Nederlânsktalige en in Frysktalige. Soepboer hat de boeken tegearre mei Richard Zuiderveld skreaun. In reportaazje mei it twadde keamerlid mei in passy foar skiednis én Fryslân.   

Lees meer
v. 2025.02.01