De Haachske boekhannel fan Jogchum de Vries bliuwt bestean
Show notes
"Hier wil ik wonen", tocht skriuwer Ronald Giphart doe't hy antikwariaat "Colette en Co" oan de Reinkenstrjitte yn Den Haach binnen rûn. Dit boekesaakje leit fol mei bergen twaddehânsk boeken en is it libbenswurk fan de Fryske Jocghum de Vries. Nei 25 jaar woe hy fanwegen âldens en sûnens yn 2020 der mei ophâlde. It boekwinkeltsje drige te ferdwinen. Mar dêr woene de Haagse buertbewenners neat fan witte. Se hawwe mei syn allen it antikwariaat oernaam, draaie frijwilligerstsjinsten yn de winkel, en no is der sels in boek: "Hier wil ik wonen, Het Vrolijke bestaan tussen boekenbergen". Klazina Hofstee gie nei Den Haach en bedarre tusken de steapels en steapels twaddehânsk boeken.