Show notes
Yn in tal kranten stiene de ôfrûne moannen grutte advertinsjes mei in oprop oan it kabinet it paad fan "it strengste asylbelied" te ferlitten. It is ûndertekene troch mear as 400 predikanten en foargongers. De advertinsjes binne yn kranten as Trouw en Volkskrant pleatst mar ek yn it Friesch Dagblad. It is in inisjatyf fan Jan de Beer út Zwolle. Mar ek Jappie Talsma út Hurdegaryp is belutsen by de aksje. Ik gie by him op besite.
Over deze podcast
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Meer over deze podcast