Show notes
Wêr kinne je mei je fertriet hinne as je it grutste fertriet dat je oerkomme kin oerkomt? Arjan Berkhuysen en Anemoon Elzinga fan Skylge ferlearen harren soan Mees fjouwer jier lyn troch in ûngelok. Mees waard mar 16 jier jong. Yn de rin fan de tiid holp it harren te kuierjen troch de Skylger natuer. It resultearre yn in roupaad. Dizze sneon wurdt it paad iepene. Op de stjerdei fan Mees. It roupaad, de Walk of Grief, rint troch de bosk, oer strân en troch de dunen fan Skylge en is 75 kilometer lang. Elk kin it rinne op de wize dy't se sels wolle. De inisjatyfnimmers hoopje dat it minsken helpt om harren fertriet foarm te jaan, sa't it harren betiden ek holpen hat. "Wandelen hielp ons, als je in rouw bent lukt er soms niet zoveel", fertelt Anemoon Elzinga. "Je bent gewond. Wat wel lukte was gewoon een stap zetten, en nog een stap, en nog één."