Show notes
Hans Wemer út Boijl en Marco de Jong út Langedijken binne twa boeren út Eaststellingwerf dy't gebrûk meitsje fan de útkeapregeling foar pykbelesters. Under dy regeling krije boeren dy't ticht by in natûrgebiet sitte en neffens de norm tefolle stikstof útstjitte, 120 persint fan de ferfangingswearde fan harren stallen en bisten fergoede. De foarige minister fan natûr en stikstof, Christianne van der Wal neamde dat in 'Woest aantrekkelijke regeling.' Oan ferslachjouwer Gerrit de Boer fertelle Wemer en De Jong wat de útkeap mei harren docht hoe oantreklik de útkeapregeling no werklik is.
Over deze podcast
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Meer over deze podcast