Show notes
It bin rûzige tiden. De oarloch yn it Middeneasten en de ferdieldheid dy't dat yn ús lân ta gefolch hat. It tanimmende antisemitisme en de moslimhaat, mei rellen yn Amsterdam as gefolch. De oarloch tusken Oekraïne en Ruslân. En tichterby: soargen oer tekoarten oan wenningen, en fakminsken; kwaliteit en betelberheid fan de soarch. En dan ha we noch net iens oer it ûnderwiis, de lânbou, it klimaat en de kultuer... It liket wol oft alles ûnder druk stiet. Lizze de Friezen der wekker fan? Buro de Vries gie op 'n paad en bedarre yn Eastermar, Eastersee en Easterwâlde.
Over deze podcast
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Meer over deze podcast