Podric logo
Podcast
De Vrieske Wike Podcast

De Vrieske Wike Podcast

Omrop Fryslân

Yn it programma De Vrieske Wike nimt presintator Roelof de Vries dy yn in oere mei yn de wrâld fan polityk út Fryslân en dêrbûten. Hy ûntfangt nijsgjirrige gasten dy't in wichtige rol spylje yn it nijs en op it politike fjild. In het programma De Vrieske Wike neemt presentator Roelof de Vries je in één uur mee in de wereld van politiek uit Fryslân en daarbuiten. Hij ontvangt nieuwsgierige gasten die in belangrijke rol spelen in het nieuws en op het politieke speelveld.  

Lees meer
Afleveringen
Podcast: #30: De Vrieske Wike: "Froulju kinne net folweardich meidwaan oan de mienskip"

#30: De Vrieske Wike: "Froulju kinne net folweardich meidwaan oan de mienskip"

"Minsken meie leaue wat se leaue wolle. Mar wat hjir bard is dat de SGP systematysk froulju útslút op basis fan it âlde testamint fan de bibel." Fraksjefoarsitter Wieke Goudzwaard reagearret dêrmei yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân op de diskusje binnen de SGP oer de posysje fan de frou. Dy is wer dy't wer aktueel is no't in froulik riedslid út Seelân har ferkiesber stelle wol foar de Twadde Keamer. Fierder binne te gast: Habtamu de Hoop (PvdA), Hayo Apotheker (âld boargemaster en minster) en Earryt Sijens (presintator Fryslân Fannemoarn).
Podcast: #29: Vrieske Wike: Kommissaris Arno Brok: "We meitsje elkoar hartstikke gek yn it publike debat"

#29: Vrieske Wike: Kommissaris Arno Brok: "We meitsje elkoar hartstikke gek yn it publike debat"

"De kwestje yn Sint Anne moat oplost wurde troch de boargemaster, de mienskip en it AZC. Net troch minister Faber." Dat seit Kommissaris fan de Kening Arno Brok yn de Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Hy fynt dat it net helpt dat de kwestje rûnom 'it uitje nei de Efteling' safolle belangstelling krige fanút Den Haach seit er. Brok is te gast, tegearre mei Mirka Antolovic fan Tûmba en ferslachjouwer Johanna Brinkman.
Podcast: #28: De Vrieske Wike: Jacobi oer Faber: "Net mear yn de krante, gewoan negeren dat minsk"

#28: De Vrieske Wike: Jacobi oer Faber: "Net mear yn de krante, gewoan negeren dat minsk"

"Wêr bemouit dy Faber har mei? Meitsje my net lulk. It moat net mear yn de krante, net mear op televysje, gewoan negeare dat minsk." Dat seit âld PvdA-Keamerlid Lutz Jacobi yn De Vrieske Wike oer minister Marjolein Faber fan Asyl en Migraasje. De minister fynt dat jonge asylsikers út Sint Anne gjin útstapkes meitsje meie. Fierder is de gefangenis-direkteur fan Ljouwer Gino Tibboel te gast en skoot sjoernalist Auke Zeldenrust oan.
Podcast: #27 De Vrieske Wike "It wie út de koälysje stappe of ús fraksje soe út elkoar klappe"

#27 De Vrieske Wike "It wie út de koälysje stappe of ús fraksje soe út elkoar klappe"

Dat seit fraksjefoarsitter Thea Smit-de Vries fan de ChristenUnie Dantumadiel yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Dy partij siet yn in koälysje mei Gemeentebelangen, Sociaal Links en SGP. Ek te gast famylje-ûnderfiningssaakkundige Sietske van der Weg, sy besiket de famyljes fan betize minsken te helpen. Dat docht se nei eigen sizzen troch 'te lústerjen en begryp te toanen'. En sjoernalist Jantine Weidenaar oer betinke en 80 jier fryheid. Presentaasje: Miranda Werkman
Podcast: #26 De Vrieske Wike "Ik tink dat minister Wiersma mei de bêste bedoelingen har bêst docht foar de boerestân"

#26 De Vrieske Wike "Ik tink dat minister Wiersma mei de bêste bedoelingen har bêst docht foar de boerestân"

"Ik bin in posityf ynsteld minsk. Mar op dagen lykas hjoed, mei nijs dat gjin nijs is en wer gjin dúdlikheid oer de stikstofoanpak, dan wurdt it fertrouwen yn in goeie ôfrin der net better op."Dat seit bioboer Hans Kroodsma fan Jannum yn De Vrieske Wike. Kroodsma is ien fan de 180 Fryske PAS-melders dy't, bûten syn eigen skuld om, yllegaal is. Hy reagearret op de nijste stikstofplannen fan it kabinet. Oare gasten binne sjoernalist  Onno Falkena en Annemarie en Pieter Smaling, sy krigen in lintsje foar it runnen fan opfanghûs "Het Huisgezin". Presentaasje: Miranda Werkman
Podcast: #24 De Vrieske Wike: "We hebben niet zoveel tanks dus misschien moeten we daar beginnen"

#24 De Vrieske Wike: "We hebben niet zoveel tanks dus misschien moeten we daar beginnen"

"Volgens ons is de situatie in de wereld zodanig veranderd dat we de uitgaven voor defensie flink moeten verhogen." Dat seit Twadde Keamerlid Harry Bevers (VVD) yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Syn partij pleitet foar in ferheging fan de útjeften foar definsje fan sa'n 22 miljard nei 38,5 miljard. De oare gasten b9inne Omrop Fryslân-ferslachjouwer Johanna Brinkman en de jongste wethâlder fan Fryslân Lisa Edema. Presintaasje is yn hânnen fan Roelof de Vries.
Podcast: #23 De Vrieske Wike: "Der is genôch reden om minister Wiersma koppich te neamen"

#23 De Vrieske Wike: "Der is genôch reden om minister Wiersma koppich te neamen"

"Der sit wol in ferskil yn hoe't der praat wurdt oer manlike en froulike politisi." Dat seit antropolooch Anne-Goaitske Breteler yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Dêryn gie it ûnder oare oer minister Femke Wiersma fan lânbou. Dy sei dizze wike yn in Keamerdebat dat krityk op har karakter net frij wie fan seksisme. Oare gasten binne boargemaster fan Dantumadiel Anja Haga en Omrop Fryslân-ferslachjouwer Onno Falkena.
Podcast: #22 De Vrieske Wike: "Je moet elke dag klaar zijn, we voelen dat de dreiging dichterbij is gekomen"

#22 De Vrieske Wike: "Je moet elke dag klaar zijn, we voelen dat de dreiging dichterbij is gekomen"

  'De situatie in de wereld laat zien dat het nodig is. Om met elkaar een vuist te maken om de afschrikking duidelijk naar buiten te brengen.' Dat seit kommandant Marcel van Egmond fan de Fleanbasis yn Ljouwert yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Moandei set de operaasje Ramstein Flag útein by de fleanbasis yn Ljouwert. 'Het is echt nodig dat wij trainen zoals wij uiteindelijk zouden moeten vechten. En dat is bij nacht.' Sjoernalist Hayo Bootsma en europarlementariër Raquel Garcia Hermida van der Wal binne de oare gasten. Presintaasje is yn hannen fan Miranda Werkman    
Podcast: #21 De Vrieske Wike: "Het gedrag van de directeur van het Fries Museum is te begrijpen"

#21 De Vrieske Wike: "Het gedrag van de directeur van het Fries Museum is te begrijpen"

Yn De Vrieske Wike binne te gast: Irma van Steijn, seksuolooch en psycholooch, bestjoerskundige Renske van der Tempel en Omrop Fryslân-ferslachjouwer Wendy Kennedy. Presintaasje is yn hânnen fan Roelof de Vries.
Podcast: #20 De Vrieske Wike: "Wat ús oanbelanget gean we oer op behear fan de wolf. Sels as dat ôfsjitte betsjut."

#20 De Vrieske Wike: "Wat ús oanbelanget gean we oer op behear fan de wolf. Sels as dat ôfsjitte betsjut."

"De emoasjes rûnom de wolf rinne heech op. Minsken binne benaud. Dat begryp ik. Mar op dit stuit is de wetlike romte om wat te dwaan minimaal. Dat is it earlike ferhaal." Dat seit deputearre Matthijs de Vries. Hy is te gast yn De Vrieske Wike. Tegearre mei Anne-Goaitske Breteler en Onno Falkena. Presintaasje is yn hânnen fan Roelof de Vries.
v. 2025.02.01