Podric logo
Podcast
De Vrieske Wike Podcast

De Vrieske Wike Podcast

Omrop Fryslân

Yn it programma De Vrieske Wike nimt presintator Roelof de Vries dy yn in oere mei yn de wrâld fan polityk út Fryslân en dêrbûten. Hy ûntfangt nijsgjirrige gasten dy't in wichtige rol spylje yn it nijs en op it politike fjild. In het programma De Vrieske Wike neemt presentator Roelof de Vries je in één uur mee in de wereld van politiek uit Fryslân en daarbuiten. Hij ontvangt nieuwsgierige gasten die in belangrijke rol spelen in het nieuws en op het politieke speelveld.  

Lees meer
Afleveringen - Pagina 3
Podcast: #9: De Vrieske Wike: "Problemen yn dit lân wurde net oplost salang de doar nei bûten iepen stiet"

#9: De Vrieske Wike: "Problemen yn dit lân wurde net oplost salang de doar nei bûten iepen stiet"

"De problemen yn dit lân wurde net oplost salang de doar nei bûten iepen stiet." Dat seit Steatelid Jeffrey Graansma (PVV) yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Oan tafel waard ûnder oare praat oer de gefolgen fan de ferskate krisissen yn Nederlân en wat der oan dien wurde moat. Oare gasten binne polityk ferslachjouwer Casper Slotboom en bestjoerskundige Renske van der Tempel.
Podcast: #8: De Vrieske Wike: "De PVV is gewoon een discriminerende partij"

#8: De Vrieske Wike: "De PVV is gewoon een discriminerende partij"

"Het is gewoon een discriminerende partij. Je weet als NSC waar je instapt, waar je mee gaat samenwerken." Dat seit âld-boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean yn De Vrieske Wike oer it hjoeddeistige kabinet, dat fan de iene krisis yn de oare rûchelet. De oare gasten binne wethâlder Hein de Haan fan Ljouwert en Omrop Fryslân-ferslachjouwer Hayo Bootsma.
Podcast: #7 De Vrieske Wike: "It earste dat politisy ferjitte is harren geheugen"

#7 De Vrieske Wike: "It earste dat politisy ferjitte is harren geheugen"

"Ik bin der noch net gerêst op dat de ferheging fan de btw op sport en kultuer definityf fan tafel is." Dat seit haadredakteur Maarten Pennewaard fan de Ljouwerter Krante. Pennewaard ferwiist dêrby nei âld-premier Mark Rutte, dy't ferskate keren 'geen actieve herinnering' as ekskuus brûkte. "It earste dat politisy ferjitte is harren geheugen", konkludearret hy dan ek oer de belofte fan minister Heinen fan Finânsjes om de ferheging fan de btw kommend foarjier yn te lûken. Neist Pennewaard binne Maarten Goudzwaard (JA21) en deputearre Matthijs de Vries (CU) te gast.
Podcast: #6: De Vrieske Wike: "Ik wol net it Keamerlid wêze dat herinnerd wurdt om Johan Derksen"

#6: De Vrieske Wike: "Ik wol net it Keamerlid wêze dat herinnerd wurdt om Johan Derksen"

"Ik wol net it Keamerlid wêze dat herinnerd wurdt om Johan Derksen." Dat seit Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop fan PvdA-GrienLinks. It Keamerlid die syn útspraken yn De Vrieske Wike by Omrop Fryslân. Folle leaver wol hy de skiednis yngean as de politikus dy't him ynsette foar betelbere hierwenningen en goed iepenbier ferfier. Oare gasten binne heechlearaar Amerikaanske Studies Jelte Olthof en PvdA-fraksjefoarsitter fan Ljouwert Mirka Antolovic.
Podcast: #5: De Vrieske Wike: "Laat Amelanders alsjeblieft hun traditie blijven spelen"

#5: De Vrieske Wike: "Laat Amelanders alsjeblieft hun traditie blijven spelen"

"Ik vind het jammer dat op deze manier de traditie van Ameland, het feest rondom Sunneklaas, in een slecht daglicht wordt gesteld. Laat Amelanders alsjeblieft hun traditie blijven spelen." Dat seit boargemaster Leo Pieter Stoel yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Hy reagearre dêrmei op de ophef dy't ferline jier ûntstie rûnom Sunneklaas, doe't in filmploech fan Powned it feest yn byld bringe woe. Fierder binne te gast Europarlementariër Raquel Garcia Hermida-Van der Walle en riedslid fan gemeente Ljouwert Carlijn Niesink.
Podcast: #4 De Vrieske Wike: "Onze democratische rechtstaat is veel meer in gevaar dan we ooit konden denken"

#4 De Vrieske Wike: "Onze democratische rechtstaat is veel meer in gevaar dan we ooit konden denken"

"Onze democratische rechtstaat is veel meer in gevaar dan we ooit konden denken." Dat seit Eef van de Wiel, deken fan de oarder fan advokaten yn Noard-Nederlân. Van de Wiel is te gast yn it programma om te praten oer har soargen rûnom de rjochtsteat. Sa neamt sy it praten oer de ynset fan de needwet 'absurd'. Ek wiist sy op politike lieders út Italië en Hongarije, dy't yn eigen lân rjochters belachelik meitsje. Har eangst is dat we yn Nederlân ek dy kant op gean. Fierder prate we mei deputearre Friso Douwstra oer gaswinning en skoot sjoernalist Auke Zeldenrust oan.
Podcast: #3 De Vrieske Wike: "We dogge krekt as ha we mar ien probleem yn Nederlân"

#3 De Vrieske Wike: "We dogge krekt as ha we mar ien probleem yn Nederlân"

"Ik fyn dat it in diskusje wurdich is wêr we nei ta wolle mei demonstraasjes en tsjindemonstraasjes yn ús lân. Dan kin it net sa wêze dat je op sosjale media sette dat de boargemaster it lân mar út moat." Dat seit Twadde Keamerlid Aant Jelle Soepboer (NSC) yn yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Oare gasten yn it programma wiene âld-minister fan lânbou Hayo Apotheker en sjoernalist Onno Falkena. Presintaasje is yn hânnen fan Roelof de Vries.
Podcast: #2: De Vrieske Wike: "As lokale bestjoerder ha we te krijen mei dagkoersen fanút it kabinet"

#2: De Vrieske Wike: "As lokale bestjoerder ha we te krijen mei dagkoersen fanút it kabinet"

"It liket wol of ha we te krijen mei dagkoersen fanút De Haach mei de ministers en steatssekretarissen yn dit kabinet. Al ha ik it idee dat de Twadde Keamer him al werom fluite hat hjiroer." Dat seit wethâlder Jelle Zoetendal fan Hearrenfean yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân oer útspraken fan steatssekretaris Chris Jansen. Te gast binne ek Piet Fortuin fan it fakbûn CNV oer it vroegpensioen en boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân oer de komst fan in azc yn Dokkum.
Podcast: #1 De Vrieske Wike: "Femke Wiersma bout troch op myn plannen. En dat is ek ferstannich."

#1 De Vrieske Wike: "Femke Wiersma bout troch op myn plannen. En dat is ek ferstannich."

"Ik sjoch dat Femke trochbout mei har plannen op wat ik foarsteld ha. En dat is ek net sa ûnlogysk, en ik fyn it ek ferstannich." Dat seit âld-minister fan Lânbou Piet Adema yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. De politikus wie te gast yn de earste útstjoering fan it programma, lykas CDA-riedslid Wieke Goudzwaard út Ljouwert en sjoernalist Gerrit de Boer.
Podcast: Trailer: De Vrieske Wike

Trailer: De Vrieske Wike

Yn it programma De Vrieske Wike nimt presintator Roelof de Vries dy yn in oere mei yn de wrâld fan polityk út Fryslân en dêrbûten. Hy ûntfangt nijsgjirrige gasten dy't in wichtige rol spylje yn it nijs en op it politike fjild.   In het programma De Vrieske Wike neemt presentator Roelof de Vries je in één uur mee in de wereld van politiek uit Fryslân en daarbuiten. Hij ontvangt nieuwsgierige gasten die in belangrijke rol spelen in het nieuws en op het politieke speelveld.  
v. 2025.02.01