Show notes
It is ien fan de slimste senario's dy't je as âlders meimeitsje kinne. Bert en Baukje Agema koenen harren soantsje Fimme tweintich minuten lang net fine, nei't er yn it wetter fallen wie. Nei mear as twa oeren fan reanimaasje en in skoft oan de hart-long masine, is Fimme no in 'gewoan' jonkje, in útkomst dy't doktoaren net foar mooglik holden. "Dit is het wonderkind van het UMCG", fertelde in meiwurker oan de âlden. "Bedenk wel dat hij twee geboortedatums heeft", seit ien fan de spoedsjirurgen dy't Fimme behannele. No, sân jier letter, is Fimme in 'gewoan' jonkje fan alve jier dat yn groep acht sit. Fan de bûtenkant sjogge je neat oan him. Allinnich as hy syn shirt omheech lûkt: op syn bûk is in grut groede te sjen. It ferhaal fan Fimme is optekene troch Nynke Tuinstra. Sy prate mei syn âlden, mei Fimme sels en mei in arts.
Over deze podcast
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Meer over deze podcastGerelateerde afleveringen
#39: De jonge hartpatiënte: “Op je 30ste hoor je geen hartinfarct te krijgen”
#378 - Stemkeuze moslims, kunstroof Louvre, patatbakkers Oekraïne
EXTRA: Het Beste uit het Oog