Podric logo
Podcast aflevering

Frijheid yn de Frijheidswyk diel 02

Buro de Vries (Podcast) 13 apr. '25
00:00
30:06

Show notes

Wat betsjut frijheid foar minsken dy't it net sa maklik hawwe yn it libben? Dy't hûs en hear ferlitten hawwe foar oarlochsgeweld, dy't it finansjeel dreech hawwe of iensum binne. Hokker frijheid is foar harren wichtich? Yn dizze podcast portrettearje wy de Ljouwerter Frijheidswyk. In wyk, dy't wol it wurd frijheid yn har namme draacht, mar dêr't frijheid yn in soad opsichten net fanselssprekkend is. Stichting de Verhalen hat de Vrijheidswyk in soarte fan adoptearre yn dizze perioade weryn't we 80 jier frijheid betinke. Sa makket de stifting yn gearwurking mei Buro de Vries dizze podcastrige.  Yn dit twadde diel gean de makkers Klazina Hofstee en Gerard van der Veer op syk nei de ûntsteanskiednis fan Vrijheidswyk.

Lees meer
v. 2025.02.01