Show notes
As der in wyk is dy't in relaasje hat mei de Twadde Wrâldoarloch, dan is dat de Vrijheidswyk yn Ljouwert. Stichting de Verhalen hat dy Vrijheidswyk adoptearre yn dizze perioade wêryn't we 80 jier frijheid betinke. Sa makket de stichting ek yn gearwurking mei Buro de Vries in fjouwerdielige podcastrige. Klazina Hofstee en Gerard van der Veer folgen in moanne lang de minsken fan de Vrijheidswyk, dêr't alle pleinen en strjitten neamd binne nei fersetsstriders of in oare link ha mei de Twadde Wrâldoarloch. Hjoed-de-dei wenje der mear as 40 ferskillende nasjonaliteiten. Wêrûnder ek aardich wat minsken dy't it eigen lân ûntflechten binne foar oarloch. Sintraal stiet de fraach: wat betsjut Frijheid foar de bewenners fan de Vrijheidswyk? Dit is diel fjouwer.
Over deze podcast
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Meer over deze podcast