Kij leverje sûnere molke mei krûderyk gers en stjitte minder metaan út

Show notes
Undersikers fan hegeskoalle Van Hall Larenstein ha op de Ljouwerter Dairy Campus sjoen wat de effekten fan ferskillende soarten fretten binne op de kwaliteit fan molke en de útstjit fan stikstof en metaan. Dat ûndersyk hat trije jier duorre. Kij dy't meidienen oan de proef, krigen in moanne lang ien soart fretten. Dat gong om bygelyks allinnich sûkerei (cichorei), allinnich breablêd (smalle weegbree) of allinnich reade klaver. De oare helte fan de 96 kij krige allinnich gers te iten. En wat docht bliken? Kij dy't krûderyk gers krije, leverje bettere kwaliteit molke en stjitte minder metaan út. Mar om de útkomsten fan in grutskalich ûndersyk ta te passen op de buorkerij, is noch in soad oanfoljend ûndersyk nedich.