Doorzoek met AI de inhoud van alle afleveringen van Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum en spring direct naar het juiste fragment.
Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.
Lees meer
Afleveringen
22 mrt. '26
It Nijsfoarum mei Wieke Goudzwaard, Ankie Speel-Bakker en Onno Falkena
Neiprate oer de gemeenteriedsferkiezings mei Wieke Goudzwaard (CDA Ljouwert), Ankie Speel-Bakker (Heerenveen Lokaal) en polityk sjoernalist Onno Falkena
8 mrt. '26
It Nijsfoarum mei: Hanna van der Werff, Jan Willem Tuininga en Pieter Reitsma
It Nijsfoarum mei oan tafel trije listlûkers foar de gemeenteriedsferkiezingen fan 18 maart. Hanna van der Werff, listlûker SAM Waadhoeke; Jan Willem Tuininga, listlûker FNP Ljouwert; Pieter Reitsma, listlûker Ooststellingwerfs Belang.
1 mrt. '26
it Nijsfoarum mei Maarten Goudzwaard, Debbie Kruit en Rommy Kempenaar
Yn it nijsfoarum hjoed Maarten Goudzwaard (2e keamerlid foar JA21), Rommy Kempenaar (wethâlder en listlûker foar sociaal links yn Dantumadiel) en Debbie Kruit (listlûker VVD yn Súdwest Fryslân). De petearen en diskusjes gean oer de Odido hack, keapsnein, de 'bruinhemd' kwesje yn Súdwest Fryslân, drugslabs op it plattelân, de regeldruk en de AOW plannen fan it kabinet.
22 feb. '26
It nijsfoarum fan Buro de Vries
De wiken foar de gemeentelike ferkiezings komme we alle wiken yn 'e kunde mei twa listlûkers út de ferskate gemeenten. Hjoed binne dat Julie Bruijnicx, se is listlûker foar D'66 yn Ljouwert. En Pieter van der Zwan, hy is listlûker foar de Christen Unie yn de gemeente Smellingerlân. En ús fêste foarumlid en Twadde Keamerlid foar de VVD is Harry Bevers. Fansels ha we it oer lokale saken mar ek oer ûntwikkelingen yn Nederlân en de wrâld.
15 feb. '26
it nijsfoarum mei Aant Jelle Soepboer, Jamal al Sari en Anneke Oosterwoud
It nijsfoarum bestiet dizze kear út Aant Jelle Soepboer fan de FNP, Anneke Oosterwoud (listlûker Opsterlâns Belang) en Jamal al Sari (listlûker SP yn Smellingerlân. Under lieding fan Geartsje de Vries prate de foarumleden oer - riedsleden dy't te krijen ha mei agressy en yntimidaasje - de fergoeding foar politike ambtsdragers - it kabinet Schoof, hoe sjogge we der op werom - it kabinet Jetten, wat ferwachtsje we - Thialf as mooglike Olympyske lokaasje - de Olympyske spelen
8 feb. '26
It Nijsfoarum mei Dineke Wagenaar, Chris van Hes en Lucienne Boelsma
It Nijsfoarum fan 8 febrewaris mei as gasten oan tafel: Dineke Wagenaar, listlûker VVD Tytsjerksteradiel; Chris van Hes, listlûker FNP yn de gemeente De Fryske Marren; Lucienne Boelsma, CDA-Twadde Keamerlid
25 jan. '26
It nijsfoarum fan Buro de Vries fan 25 jannewaris 2026
Hjoed te gast Fokke Terpstra fan Winaam, listlûker fan D66 yn de gemeente Harns. Ankie Speel Bakker is de listlûker foar Heerenveen Lokaal en ús fêste gast om de pear wike is Twadde Keamerlid foar Grien Links\PvdA Habtamu de Hoop.
18 jan. '26
It Nijsfoarum mei Sybrig Sytsma (GL/PvdA), Jelmer de Groot (BBB) en Wieke Goudzwaard (CDA)
Oan tafel trije kandidaten foar de riedsferkiezingen fan 18 maart: * Sybrig Sytsma, listlûker GL/PvdA Hearrenfean; * Jelmer de Groot, listlûker BBB yn Súdwest-Fryslân; en as fêst foarumlid: * Wieke Goudzwaard, fraksjefoarsitter en nûmer twa op de list fan it CDA yn Ljouwert.
11 jan. '26
it nijsfoarum mei Maarten Goudzwaard, Geertje Schoorstra-Boeijenga en Tjibbe Brinkman
Yn it nijsfoarum nimme plak: Maarten Goudzwaard, twadde keamerlid foar JA21, Geertje Schoorstra-Boeijenga listlûker foar it CDA yn Noardeast Fryslân en Tjibbe Brinkman, wethâlder yn Achtkarspelen en ek listlûker foar de FNP yn dy gemeente. Under lieding fan Geartsje de Vries prate de foarumleden oer: Amearika en it belied fan Trump, de winter yn Nederlân en de problemen op Schiphol, it spoar en de wei en oer de gaswinning op de Noardsee boppe Flylân.
21 dec. '25
It nijsfoarum fan 21 desimber 2025
Yn it nijsfoarum te gast: Abel Kooistra - deputearre Harry Bevers - Twadde Keamerlid VVD Geeske Holtrop - riedslid Kleurrijk Fryske Marren We besprekke lânbouperikelen, Oekraine en oare aktualiteiten