Doorzoek met AI de inhoud van alle afleveringen van Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum en spring direct naar het juiste fragment.
Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.
Lees meer
Afleveringen — Pagina 6
15 dec. '24
It nijsfoarum fan 14 desimber
Yn it nijsfoarum besprekke CDA riedslid Wieke Gouzwaard, steatelid en fraksjefoarsitter fan de VVD yn de steaten Eric ter Keurs en foarfjochter fan de belangen fan omwenjenden fan de fleanbasis yn Ljouwert de aktualiteiten fan de ôfrûne wike.
8 dec. '24
It Nijsfoarum mei Tom van Mourik, Sandra de Jong en Hendrik Galema
Trije Fryske opinymakkers besprekke it nijs fan de wike út de provinsje en de rest fan 'e wrâld. Mei hjoed oan tafel: - Hendrik Galema, foarsitter Agrarische Jongeren Fryslân; - Tom van Mourik, VVD-pommerant en âld-boargemaster; - Sandra de Jong-Snip, fraksjefoarsitter Provinciaal Belang Fryslân en ELP-riedslid yn Smellingerlân.
1 dec. '24
It nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Tjitte Hemstra en Geeske Holtrop-Hoekstra
Yn it nijsfoarum sitte dizze kear: Habtamu de Hoop, twadde keamerlid foar Grien Links/PvdA Tjitte Hemstra, steatelid foar de FNP Geeske Holtrop-Hoekstra, fraksjefoarsitter Kleurrijk de Fryske Marren (ferbûn mei de BBB) De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de besunigings fan 2 miljard op it ûnderwiis, it Masterplan foar de Lelyline, de foarnommen fúzje fan de sikehuzen yn Snits en it Hearrenfean en oer de social media.
24 nov. '24
It Nijsfoaurm mei Lisa Edema, Pieter Greidanus en Jan-Willem Tuininga
It Nijsfoaurm mei: * Lisa Edema GroenLinks Eaststellingwerf; * Pieter Greidanus Nieuw Sociaal Súdwest-Fryslân en * Jan-Willem Tuininga, FNP Ljouwert.
17 nov. '24
It Nijsfoarum mei Aukje de Vries, Tjitske Veenstra en Germ Gerbrandy.
It Nijsfoarum mei hjoed oan tafel: Aukje de Vries, Twadde Keamerlid VVD; Tjitske Veenstra, GrienLinks-riedslid Achtkarspelen; en Germ Gerbrandy, âld FNP-senator en -boargemaster.
10 nov. '24
It Nijsfoarum mei Durk Durksz, Aant-Jelle Soepboer en Harry Bevers
Under lieding fan Geartsje de Vries prate trije politisy oer it nijs fan de ôfrûne wike: Trump wurdt opnij presidint fan Amearika Der komt net in saneamd MIRT ûndersyk nei de Lelyline en hoe komt it dan mei sa'n ûndersyk nei de farferbining nei it Amelân? In pogrom waard it neamd: geweld tsjin supporters fan de Israelyske fuotbalklup Maccabi Tel Aviv minister Faber ûnder fjoer yn de keamer fanwege de asielplannen Wethâlder Durk Durksz fan Opsterlân en de twadde keamerleden Aant-Jelle Soepboer (NSC) en Harry Bevers (VVD) binne de foarumleden
3 nov. '24
It Nijsfoarum mei Maarten Goudzwaard, Petra van den Akker en Irene Overduin
Oan de Nijsfoarum-tafel sitte ditkear: * Petra van den Akker, CDA-wethâlder Súdwest-Fryslân en vice-foarsitter fan de wethâldersferining; * Maarten Goudzwaard, steatelid JA21; * Irene Overduin, redakteur/ferslachjouwer/wykein-sjef Leeuwarder Courant.
27 okt. '24
it nijsfoarum mei Abel Kooistra, Wieke Goudzwaard en Hetty Jansen
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Grien Links/PvdA earste keamerlid Hetty Jansen, CDA fraksjefoarsitter yn'e ried fan Ljouwert Wieke Goudzwaard en deputearre Abel Kooistra. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de klimaatdoelen foar 2030 dy't nei alle gedachten net helle wurde, de asyldeal mei de asylneedmaatregelenwet en de rebûlje oer de ROL, de Regionale Opvang Lokatie yn Ljouwert.
20 okt. '24
It Nijsfoarum fan 20 oktober mei Jaap Stalenburg, Jan Teade Kooistra en Geertje Schoorstra
It nijs fan de wike besprutsen troch: * Boer en LTO-regiobestjoerder Jan Teade Kooistra, * CDA-fraksjefoarsitter yn Noardeast-Fryslân Geertsje Schoorstra en * PvdA-steatelid Jaap Stalenburg.
13 okt. '24
It nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Dieuwke Bakker en Jan-Willem Tuininga
It nijsfoarum fan Buro de Vries, dizze kear mei PvdA Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop; steatelid Dieuwke Bakker fan de BBB yn Fryslân en Jan Willem Tuininga, riedslid foar de FNP yn de gemeente Ljouwert. Under lieding fan Jan Dirk de Haan giet it ûnderoaren oer dagenlang swier fjoerwurk, branstifting en in grutte bek yn Noorderhoek yn Snits.Mar ek oer de maksimum snelheid, fan 100 nei 130 kilometer yn de oere op de ofslutdyk. Goed idee of net? En in eksplosive tweet fan Wilders oer Palestinademostraasjes yn de stêd fan boargemaster Halsema: it safolste reltsje yn Den Haag? Of ûnderdiel fan in grutter plan?