Podric logo
Podcast
Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

Omrop Fryslân

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.

Lees meer
Afleveringen - Pagina 2
Podcast: It nijsfoarum mei Aant Jelle Soepboer, Wieke Paulusma en Jelmer de Groot

It nijsfoarum mei Aant Jelle Soepboer, Wieke Paulusma en Jelmer de Groot

It nijsfoarum debatearret ûnder lieding fan Geartsje de Vries foaral oer de ferkiezingtéma's. Oan tafel sitte FNP listlûker Aant Jelle Soepboer, D66 keamerlid Wieke Paulusma en Jelmer de Groot, de nûmer 26 op de list foar de BBB. Se prate koart even oer it bestân yn Gaza en dêrnei giet it foaral oer de ferkiezingen. Hoe fierst kampanje as't net oanskowe meist by de grutte debatten, hoe wolle de ferskate partijen de wenkrisis oanfleane en hoe wolle se omgean mei migraasje. 
Podcast: It nijsfoarum fan Buro de Vries op 28 septimber 2025

It nijsfoarum fan Buro de Vries op 28 septimber 2025

We besprekke de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. Mei de folgjende gasten: Amarins Geveke - saaklik lieder Ivgi en Greben, haadredakteur De Moanne en earder fraksjefoarsitter fan de VVD op Skylge Maarten Goudzwaard - steatelid Ja '21 en fraksjemeiwurker Twadde Keamer Ja '21 Femke Molenaar - riedslid Grien Links Ljouwert en Dolle Mina ûnderwerpen: kultuur yn Fryslân rjochtsektremisme geweld tsjin AZC's gaswinning yn Grinslân
Podcast: It Nijfoarum mei Raquel Garcia Hermida-Van der Walle, Wiebe Strikwerda en Jaap Stalenburg

It Nijfoarum mei Raquel Garcia Hermida-Van der Walle, Wiebe Strikwerda en Jaap Stalenburg

In Nijsfoarum besprekt it nijs fan 'e wike fanút Frysk perspektyf, mei hjoed oan tafel: * Raquel Garcia Hermida-Van der Walle, europarlemintariër foar D66; * Wiebe Strikwerda, CDA-wethâlder Dantumadiel; * Jaap Stalenburg, steatelid PvdA.
Podcast: It nijsfoarum mei Harry Bevers, Hendrik van Doezum en Jelke Nijboer

It nijsfoarum mei Harry Bevers, Hendrik van Doezum en Jelke Nijboer

It nijsfoarum fan Buro de Vries bestiet dizze kear út twadde keamerlid foar de VVD Harry Bevers, skiednisdosint en kollumnist Hendrik van Doezum en wethâlder Jelke Nijboer fan Eaststellingwerf. Under lieding fan Geartsje de Vries prate se oer de kommende ferkiezingen, de moard op Charlie Kirk en de reaksjes dêr op fan presidint Trump, de dosint fan it Bornego kolleezje op it Hearrenfean dy't oer dy moard twittere, en oer de soevereinen: minsken dy't fine dat se har net oan de wet hoege te hâlden. 
Podcast: It Nijsfoarum mei Eke Folkerts, Hetty Janssen en Jan-Willem Tuininga

It Nijsfoarum mei Eke Folkerts, Hetty Janssen en Jan-Willem Tuininga

Oan tafel sitte ditkear: Eke Folkerts, deputearre foar de BBB; Hetty Janssen, Earste Keamerlid GrienLinks/PvdA; Jan-Willem Tuininga, fraksjefoarsitter FNP-Ljouwert.
Podcast: It nijsfoarum mei Jan Arendz, Rommie Kempenaar en Wieke Goudzwaard

It nijsfoarum mei Jan Arendz, Rommie Kempenaar en Wieke Goudzwaard

It Nijsfoarum fan 22 juni 2025 mei: Wieke Goudzwaard, fraksjefoarsitter fan it CDA yn de gemeenterie fan Ljouwert; Jan Arendz, foarsitter fan de FNP; Rommy Kempenaar, wethâlder foar Sociaal Links Dantumatiel en PvdA-lid.
Podcast: It Nijsfoarum mei Mariska Rikkers, Jaap Stalenburg en Jacques Monasch

It Nijsfoarum mei Mariska Rikkers, Jaap Stalenburg en Jacques Monasch

It Nijsfoarum mei Twadde Keamerlid Mariska Rikkers fan de BBB, PvdA-steatelid Jaap Stalenburg en en âld-PvdA-keamerlid Jacques Monasch
Podcast: It nijsfoarum fan 8 juny 2025

It nijsfoarum fan 8 juny 2025

We sitte yn in bestjoerleas lân, Fryslân stapt út de noardlike lobbyklup SNN en meie we no aanst ek net mear koppe? It binne in pear ûnderwerpen yn dit nijsfoarum. En dat we mei trije gasten. Piet fortuin, hy is foarsitter fan fakbûn CNV. Betty de Boer, âld twadde keamerlid en direkteur fan Spirits.nl. En fêst foarumlid en riedslid foar de FNP yn Ljouwert Jan Willem tuininga.
Podcast: It Nijsfoarum mei Ojanne Chang, Aant Jelle Soepboer en Harry Bevers

It Nijsfoarum mei Ojanne Chang, Aant Jelle Soepboer en Harry Bevers

It nijs fan de wike besprutsen troch: Ojanne Chang, fraksjefoarsitter fan D66 yn de gemeenterie fan it Hearrenfean; Harry Bevers, Twadde Keamerlid foar de VVD; Aant Jelle Soepboer, Twadde Keamerlid foar NSC;
Podcast: It nijsfoarum fan snein 25 maaie 2025

It nijsfoarum fan snein 25 maaie 2025

Hjoed te gast foarsitter fan VNO/NCW Noord Sieger Dijkstra, Hein Kuiken wethâlder fan de gemeente Ljouwert en Aukje de Vries, Twadde keamerlid fan de VVD. We besprekke gemeenten en Gaza, it stikstofdebat, SGP en froulju en betinke Hans Wiegel.
v. 2025.02.01