Doorzoek met AI de inhoud van alle afleveringen van Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum en spring direct naar het juiste fragment.
Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.
Lees meer
Afleveringen — Pagina 3
21 sep. '25
It Nijfoarum mei Raquel Garcia Hermida-Van der Walle, Wiebe Strikwerda en Jaap Stalenburg
In Nijsfoarum besprekt it nijs fan 'e wike fanút Frysk perspektyf, mei hjoed oan tafel: * Raquel Garcia Hermida-Van der Walle, europarlemintariër foar D66; * Wiebe Strikwerda, CDA-wethâlder Dantumadiel; * Jaap Stalenburg, steatelid PvdA.
14 sep. '25
It nijsfoarum mei Harry Bevers, Hendrik van Doezum en Jelke Nijboer
It nijsfoarum fan Buro de Vries bestiet dizze kear út twadde keamerlid foar de VVD Harry Bevers, skiednisdosint en kollumnist Hendrik van Doezum en wethâlder Jelke Nijboer fan Eaststellingwerf. Under lieding fan Geartsje de Vries prate se oer de kommende ferkiezingen, de moard op Charlie Kirk en de reaksjes dêr op fan presidint Trump, de dosint fan it Bornego kolleezje op it Hearrenfean dy't oer dy moard twittere, en oer de soevereinen: minsken dy't fine dat se har net oan de wet hoege te hâlden.
29 jun. '25
It Nijsfoarum mei Eke Folkerts, Hetty Janssen en Jan-Willem Tuininga
Oan tafel sitte ditkear: Eke Folkerts, deputearre foar de BBB; Hetty Janssen, Earste Keamerlid GrienLinks/PvdA; Jan-Willem Tuininga, fraksjefoarsitter FNP-Ljouwert.
22 jun. '25
It nijsfoarum mei Jan Arendz, Rommie Kempenaar en Wieke Goudzwaard
It Nijsfoarum fan 22 juni 2025 mei: Wieke Goudzwaard, fraksjefoarsitter fan it CDA yn de gemeenterie fan Ljouwert; Jan Arendz, foarsitter fan de FNP; Rommy Kempenaar, wethâlder foar Sociaal Links Dantumatiel en PvdA-lid.
16 jun. '25
It Nijsfoarum mei Mariska Rikkers, Jaap Stalenburg en Jacques Monasch
It Nijsfoarum mei Twadde Keamerlid Mariska Rikkers fan de BBB, PvdA-steatelid Jaap Stalenburg en en âld-PvdA-keamerlid Jacques Monasch
8 jun. '25
It nijsfoarum fan 8 juny 2025
We sitte yn in bestjoerleas lân, Fryslân stapt út de noardlike lobbyklup SNN en meie we no aanst ek net mear koppe? It binne in pear ûnderwerpen yn dit nijsfoarum. En dat we mei trije gasten. Piet fortuin, hy is foarsitter fan fakbûn CNV. Betty de Boer, âld twadde keamerlid en direkteur fan Spirits.nl. En fêst foarumlid en riedslid foar de FNP yn Ljouwert Jan Willem tuininga.
1 jun. '25
It Nijsfoarum mei Ojanne Chang, Aant Jelle Soepboer en Harry Bevers
It nijs fan de wike besprutsen troch: Ojanne Chang, fraksjefoarsitter fan D66 yn de gemeenterie fan it Hearrenfean; Harry Bevers, Twadde Keamerlid foar de VVD; Aant Jelle Soepboer, Twadde Keamerlid foar NSC;
25 mei '25
It nijsfoarum fan snein 25 maaie 2025
Hjoed te gast foarsitter fan VNO/NCW Noord Sieger Dijkstra, Hein Kuiken wethâlder fan de gemeente Ljouwert en Aukje de Vries, Twadde keamerlid fan de VVD. We besprekke gemeenten en Gaza, it stikstofdebat, SGP en froulju en betinke Hans Wiegel.
18 mei '25
It nijsfoarum mei Ina Sjerps, Maarten Goudzwaard en Habtamu de Hoop
Yn it nijsfoarum dizze kear boargemaster Ina Sjerps fan Harns, Maarten Goudzwaard, fraksjefoarsitter fan JA21 yn Provinsjale Steaten en Habtamu de Hoop, Twaddekeamerlid fan GroenLinks-PvdA. Boargemaster Halsema fan Amsterdam spruts har dizze wike út Gaza. Moatte gemeenten har wol bemuoie mei ynternasjonale polityk? De koalysje woe de hieren bevrieze. Mar is dêr wol goed oer neitocht? En it sikehus fan Snits leit in bom under de fuzje mei Hearrenfean en de plannen foar in nij sikehus op de Jouwer. Ferstannich of koartsichtich? Fierder: it opinystik fan Noardelike bestjoerders oer de Lelyline en it definitive ôfskied fan Pieter Omtzigt as lid fan de Twadde Keamer. Soe syn partij, NSC, dat wol oerlibje?
11 mei '25
It Nijsfoarum mei Sybe Knol, Wieke Goudzwaard en Hendrik Atze van Doezum
It nijsfoarum bestiet út deputearre Sybe Knol (FNP), CDA fraksjefoarsitter Wieke Goudzwaard fan Ljouwert en skiednisdosint Hendrik Atze van Doezum. Under lieding fan Geartsje de Vries prate se oer: - de nije beskermingsstatus fan de wolf - wol of net alkohol tastean yn de Prinsetún - Minister Faber dy't gjin útstapkes mear wol foar bern fan in AZC - De fiering fan 80 jier frijheid - memmedei en giftige blommen