Podric logo
Podcast
Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

Omrop Fryslân

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.

Lees meer
Afleveringen - Pagina 4
Podcast: It nijsfoarum mei Jeffrey Graansma, Gryte Schaafstal en Avine Fokkens

It nijsfoarum mei Jeffrey Graansma, Gryte Schaafstal en Avine Fokkens

It nijsfoarum fan Buro de Vries, mei PVV steatelid Jeffrey Graansma, PvdA fraksjefoarsitter yn de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân Gryte Schaafstal en boargemaster Avine Fokkens fan it Hearrenfean. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries ûnderoaren oer asylsikersintra, oer it winnen fan gas en eveneminten sûnder plysje ynset. Wie de BetCity Alvestêdetocht fan ôfrûne wike it bewiis dat in grut evenemint ek kin sûnder grutskalige plysjeynset? 
Podcast: It Nijsfoarum fan 29 september 2024 mei Jannewietske de Vries, Harry Bevers en Arjen Lont.

It Nijsfoarum fan 29 september 2024 mei Jannewietske de Vries, Harry Bevers en Arjen Lont.

It Nijsfoarum fan 29 september 2024 oer de sitewaasje yn it middeneasten, de Lelylijn op dea spoar, 'bouwe, bouwe, bouwe' en de start fan it nije kabinet. As opiny-makkers sitte oan tafel boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân, VVD-keamerlid Harry Bevers en Arjen Lont, honorair konsul fan Israël.  
Podcast: It nijsfoarum mei Mirka Antolovic, Piet Fortuin en Aukje de Vries

It nijsfoarum mei Mirka Antolovic, Piet Fortuin en Aukje de Vries

It nijsfoarum fan Buro de Vries mei VVD twaddekeamerlid Aukje de Vries, CNV foarsitter Piet Fortuin en PvdA gemeenteriedslid Mirka Antolovic.  De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de troanrede, de algemiene skôgings, de asylneedwet, it funksjonearjen fan premier Schoof en Oekraynske manlju dy't flechten binne en hjir yn de opfang sitte. Moatte dy werom nei har lân om te fjochtsjen?     
Podcast: It Buro de Vries Nijsfoarum fan 15-09-24

It Buro de Vries Nijsfoarum fan 15-09-24

Hjoed as gasten oan tafel: *Natalie Nauta, fraksjefoarsitter fan de BBB yn de Fryske steaten, *Ton van der Laan, parlemintêr ferslachjouwer fan de Ljouwerter Krante en *Wieke Goudzwaard, CDA-fraksjefoarsitter yn de gemeenterie fan Ljouwert.
v. 2025.02.01