Doorzoek met AI de inhoud van alle afleveringen van Buro de Vries (Podcast) en spring direct naar het juiste fragment.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Lees meer
Afleveringen — Pagina 7
14 sep. '25
Podcast oer long covid
"It fielde as in swimtocht wylst gjin lân sjochst. Do witst net wêr ast hinne swimme moast. Dat wie beangstigjend." It binne de wurden fan Harm Westra út it noardeasten fan Fryslân. Hy krige yn corona en dêrnei belâne hy yn in long-covid sitewaasje. It libben is dêrnei dramatysk feroare. Stigma Westra (net syn eigen namme) wol syn ferhaal fertelle omdat in soad minsken net witte dat der safolle minsken noch deistich stride mei de gefolgen fan covid. Net ûnder syn eigen namme, want it stigma is noch altyd grut.
29 jun. '25
Froulju fan Fryslân: Riek Stienstra
200 opfallende froulju. Dêr is it Keninklik Frysk Genoatskip nei op syk. Se bestean yn 2027 200 jier en om dat te fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, ljochtet haadredakteur Tialda Hoogeveen eltse moanne by Buro de Vries in opfallende frou derút, troch in pear opmerklike feiten te fertellen oer har libbensrin. Hjoed fertelt Tialda oer it libben fan Riek Stienstra.
29 jun. '25
Fan Zuid-As nei Frjentsjer: Annalies Outhuijse kiest foar har 'roots'
Sûnt twa moanne hat de Akademy fan Frjentsjer in betelle direkteur: Annalies Outhuijse. Dat kin tanksij in bydrage fan de gemeente Waadhoeke, it giet foarearst om in funksje fan oardel jier en de hoop is fansels dat it dêrnei trochset wurdt. Annalies Outhuijse komt fan Frjentsjer en hie in ambysjeuze karriëre as juriste op de Zuid As yn Amsterdam. No is se dus werom yn Frjentsjer. Foar it Buro reden om har ris op te sykjen foar in petear oer har juridyske karriêre, har njonkenaktiviteit: it ûntwikkeljen fan escape games en fansels oer de Akademy fan Frjentsjer. Mar earst frege Geartsje de Vries nei har kar foar in rjochtestúdzje:
22 jun. '25
Jack de Vries: "Us pake sei al, jonge do wurdtst nochris boargemaster"
Us lân stiet yn it teken fan de NAVO-top. In grutte konferinsje fan "staatshoofden en regeringsleiders" út lannen dy't by de NAVO hearre. De heale rânestêd sit dêrfoar op slot en yn de Den Haach bin de strangste feiligheids-maatregelen ea, troffen. It Buro praat der oer mei Fries om útens Jack de Vries. No boargemaster fan Maassluis, mar earder ûnder mear steatssiktaris fan definsje.
22 jun. '25
Ljouwerter Amir Amini oer de sitewaasje yn Iran
De aktuiele sitewaasje yn Iran, bepraat mei de Ljouwerter Amir Amini. Amini kaam yn 1991 as flechteling út Iran nei Nedelân. Hy is ynmiddels mear as gemiddeld yntegrearre as Nederlânder, as Fries en as Ljouwerter. Hy wurket as magager by Wender en is ûnder mear aktyf yn de sport en yn skoalbestjoeren. Mei famylje dy't noch yn Iran wenjet hat er geregeld kontakt, as dat mooglik is. En fansels folget hy de sitewaas dêr op 'e foet.
22 jun. '25
Eco coaching
Set 45 eco-coaches by mekoar en je krije ien grutte positive vibe yn de seal. De basis fan de eco-coaching leit by Tjalling van den Berg en syn dochter, Berber. De âld turnster en har heit skreaunen yn 2017 in boek oer dizze wize fan coachen. En no ha se 'm op 'e nij skreaun mei oanpassings en fernijde ynsichten. Foar Tjalling van den Berg is it in soarte fan legacy dy't hy achterlitte wol.
15 jun. '25
Ut it Libben: Lourens van der Leij (1934-2025)
"Mei it ferstjerren fan Lourens van de Leij ferliest Fryslân ien fan syn grutste ûnderwiispioniers." Dat seit syn freon en âld-kollega Koen Eekma yn ús rubryk Ut it Libben. Van der Leij -dy't ek jierrenlang in ûnderwiisrubryk by Radio Fryslân hie- ferstoar ferline wike op 90-jierrige leeftyd yn syn wenplak Hearrenfean.
8 jun. '25
De grutte leafde fan Bauke Aalbers foar histoaryske skippen mei bysûndere ferhalen
Yn it wetter en op it hiem fan Bauke Aalbers út Ljouwert lizze ferskate histoaryske skippen. Wat is ferhaal dêrefter? Froukje Sijtsma fan it Buro, socht him op...
8 jun. '25
Ljouwert brûst fan Sinneliet-aktiviteiten
Dit jier bestiet it Sinneliet fan Franciscus van Assisi 800 jier. De Sint Vitusparochie fan Ljouwert grypt dit oan om fan tal fan aktiviteiten te organisearen. It Buro praat mei de inisjatyfnimmers Peter Vermaat en Angela Twickler.
3 jun. '25
Lyts literêr gelok by Buro de Vries
Yn it ramt fan it projekt 'Lyts Gelok' (fan de organisaasje Ljouwert UNESCO City of Literature) dûkte yn in rige fan hûndert ferrassingsmominten, op snein 1 juny sa'n momint op by Omrop Fryslân. Dat wie moarns eefkes nei 11 oere yn it radioprogramma Buro de Vries. It blykte te gean om in ferhaal fan skriuwer Jan Minno Rozendal (De Westereen, 1979) studearre skiednis yn Grins en debutearre as skriuwer yn 2017 mei de roman Drift. Mei Neidiel fan 'e twivel (2021) wûn Rozendal, ûnder it pseudonym I.E. Bloem, yn 2022 de Simke Kloostermanpriis foar bêste Frysktalige jeugdboek. Syn meast resinte roman, De Freon (2023), waard yn 2025 ek nominearre foar de Simke Kloostermanpriis. Rozendal wennet yn Amersfoort, dêr't er syn eigen skriuwburo runt. Mear oer it projekt en de orgnisaasje dêrefter waard taljochte troch Tryntsje van der Steenge, projekt-koordinator fan Ljouwert UNESCO City of Literature.