Podric logo
Podcast
Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

Omrop Fryslân

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.      

Lees meer
Afleveringen
Podcast: It fertriet om it ferstjerren fan har man Leo is grut, mar Griet Wiersma hâldt "de kop derfoar"

It fertriet om it ferstjerren fan har man Leo is grut, mar Griet Wiersma hâldt "de kop derfoar"

Se krigen beide in earnstige sykte: Griet Wiersma en har man Leo. Griet is klear mei de behannelingen, Leo helle it net. It wie in dreech jier foar Griet Wiersma.
Podcast: Bob en Sabine Hardus warskôgje yn in boek: Us privacy rint gefaar

Bob en Sabine Hardus warskôgje yn in boek: Us privacy rint gefaar

Us privacy rint gefaar. Dat sizze Bob en Sabine Hardus. Bob is sjoernalist en skriuwer yn Berlyn, syn mem Sabine is filosofe yn Ljouwert. Bob Hardus ûndersocht de lêste jierren it tsjokke stasidossier fan syn mem, dy't opgroeide yn de DDR. Yn it boek De prijs voor privacy fergeliket hy de metoades fan de Staatssicherheit yn de DDR mei dy fan de Big-Techbedriuwen no. Hardus sjocht njonken oerienkomsten ek in grut ferskil: de BigTechbedriuwen kinne hjoed-de-dei folle flugger ynformaasje sammelje oer minsken as de Stasi dat koe yn de foarige iuw. Neffens Bob en Sabine Hardus diele in soad minsken sûnder der by nei te tinken in soad ynformaasje oer harren sels mei sociale media en Amerikaanske Big Techbedriuwen, dy't harren net altyd oan de Europeeske privacyregels hâlde. Hardus pleitet der foar om goed nei te tinken oer wat je wol en net op Facebook-sette. Tink ek nei oer de tsjinsten der't je gebrûk fan meitsje, is syn advys. Hardus fynt Signal feiliger as Whatsapp. Ek foar de populêre sykmasine Google besteane neffens him feiliger altivernativen.
Podcast: Fryske Folksferhalen diel 5

Fryske Folksferhalen diel 5

Kreakjende stimmen út in fier ferline dy't moaie ferhalen fertelle. Foar de lêste kear dizze tsjustere desimbermoanne dûke we yn de folksferhalen fan Ype Poortinga. It Fries Film en Audioarchief hat in skat fan dy ferhalen online setten. Ien fan Poortinga syn masterferteller wie Steven de Bruin. Syds Wiersma fan it Archief hat foar ús in pear moaie ferhalen fan de Bruin útsocht. En Inge de Bruin, dochter fan Steven, hellet oaninkens op oan hat bysûndere heit.
Podcast: Yn petear mei Jan Bakker, de nije foarsitter fan De Friese Elfsteden

Yn petear mei Jan Bakker, de nije foarsitter fan De Friese Elfsteden

Jan Bakker fan Wynjewâld is de nije foarsitter fan feriening De Friese Elfsteden en dêrmei de opfolger fan Wiebe Wieling. Yn Buro de Vries praatten we mei de âld-rider dy't fan no ôf de foarsittershammer yn hannen hat.
Podcast: Fryske Folksferhalen diel 4

Fryske Folksferhalen diel 4

It Fries Film en Audioarchief hat in skat oan folksferhalen fan Ype Poortinga online setten. Dizze wiken siket it Buro, tegearre mei Syds Wiersma fan it archief de moaiste peareltsjes derút. Hjoed hearre we iis en wetterferhalen. En, tink om it wek!
Podcast: Steatsboskbehear hellet mear as 4000 beammen del yn Fryslân

Steatsboskbehear hellet mear as 4000 beammen del yn Fryslân

Steatsbosbehear is sûnt begjin dizze moanne op guon plakken flink oan it beammekappen. Ien sa'n plak is de Duurwoudsterheide by Bakkefean. Mear as 4000 beammen wurde mei de hân delhelle omdat se oantaasten binne troch de Lettersetter en dêrtroch dea binne. It buro wie by de start fan de kampanje om de Fryske bosken in oppepper te jaan...
Podcast: Fryske Folksferhalen diel 3

Fryske Folksferhalen diel 3

Op it Fryske plattelân koe it eartiids goed spûkje, en ek de duvel kaam wolris foarby. Alteast, ast de âlde Fryske folksferhalen leauwe meist. Syds Wiersma fan It Fries Film en Audioarchief lit ús wer de moaiste folksferhalen fan Ype Poortinga hearre. Dizze wike ferhalen oer de dea en de duvel.
Podcast: 20 Jier Foppe Fonds

20 Jier Foppe Fonds

Se hawwe al in hiel soad rolstuollen, braces en oare saken regele. Yn it 20 jierrich jubileum fan it Foppe Fonds waard dêr fannewike by stilstien. It wie in jûn mei herinnerings en benammen ek it beneidrukken dat fûnsen as dit, hoe spitich it ek is noch altyd nedich binne. Dat fynt Foppe de Haan mar benammen ek de ambassadeurs en sporters. In ferhaal oer help en sukses.
Podcast: Fryske Folksferhalen diel 2

Fryske Folksferhalen diel 2

It Fries Film en Audioarchief hat in skat oan folksferhalen fan Ype Poortinga online setten. Dizze wiken siket it Buro, tegearre mei Syds Wiersma fan it archief de moaiste peareltsjes derút. Hjoed dûke we yn de fabels en oare bisteferhalen.
Podcast: Froulju fan Fryslân: Annigje van Dijk - Bajema

Froulju fan Fryslân: Annigje van Dijk - Bajema

Annigje van Dijk - Bajema. Dat is de frou dy't hjoed troch Tialda Hoogeveen yn it sintsje setten wurdt. Tialda is haadredakteur fan it Keninklik Frysk Genoatskip, en dy bestean yn 2027 200 jier. Om dat te fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Annigje van Dijk - Bajema hat har plak yn dy rige fertsjinne troch har prestaasjes op it iis.
v. 2025.02.01