Podric logo
Podcast
Podcast Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

Omrop Fryslân

Doorzoek met AI de inhoud van alle afleveringen van Buro de Vries (Podcast) en spring direct naar het juiste fragment.

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.      

Lees meer

Afleveringen — Pagina 2

Podcast: Weromsjen op de útbraak fan tongblier yn Fryslân, 25 jier lyn

Weromsjen op de útbraak fan tongblier yn Fryslân, 25 jier lyn

Op 10 april 2001 wie it ek yn Fryslân safier: op in bedriuw yn Ie waard tongblier konstatearre en in dei letter barde itselde op in bedriuw yn Eanjum. Tongblier is in tige besmettelike sykte foar kij, skiep, hynders, bargen en geiten. Tûzenden kij binne doe dea makke om fersprieding fan it firus foar te kommen. Douwe Boersma wie doe sjoernalist hjir by de Omrop en wenne yn it troffen gebiet. Hy is te gast.  En ek LTO bestjoerde Jan Teade Kooistra en lektor Dier en Gezondheid Wiepk Voskamp fan Hegeskoalle Van Hall Larenstein komme oan it wurd oer tongblier doe én no.  
Podcast: Peaskesnein om 6 oere moarns nei tsjerke want dat is de tiid dat it fan tsjuster wer ljocht wurdt

Peaskesnein om 6 oere moarns nei tsjerke want dat is de tiid dat it fan tsjuster wer ljocht wurdt

Wer't foar in soad minsken Peaske bestiet út it sjen nei the Passion, it iten fan sûkelarje-aaikes, it skilderjen fan hinneaaien en it meiïnoar genietsjen fan in peaske-brunch, is dat foar de kleasterlingen op Nijkleaster hiel oars. Nijkleaster is in - sa't inisjatyfnimmer Hinne Wagenaar it omskriuwt - nij monastyk projekt, werby't besocht wurdt om op in moderne wize de âlde wiisheid fan it kleasterlibben wer opnij klinke te litten. De kearnwurden dêrby binne stilte, besinning en ferbining.  Hinne Wagenaar fertelt oer de betsjutting fan Peaske foar him persoanlik en oer hoe't der yn it moderne kleaster Peaske fierd wurdt.
Podcast: Johan Wagenaar oer genealogy

Johan Wagenaar oer genealogy

Fan wa bisto der ien? Dy fraach is de kearn fan genealogysk ûndersyk. Wa binne dyn foarâlden? Buro de Vries praat mei Johan Wagenaar, eigener fan histoarysk ûndersyksburo 'It Alders Erf", oer syn leafde foar stambeamûndersyk. En dûkt mei him it ferline yn.
Podcast: Ferhalen út Blauhûs yn Europeesk projekt 'SAVE'

Ferhalen út Blauhûs yn Europeesk projekt 'SAVE'

'SAVE' stiet foar Stories of the Archipelago of Villages in Europe. Yn dit Europeeske projekt wurde ferhalen út fjouwer hiel ferskillende Europeeske doarpen sammele. It giet om de doarpen Jadagoniai yn Litouwen, Praputnjak yn Kroatië en Hopovo yn Servië. En it fjirde doarp is in doarp yn Fryslân: Blauhûs. Sjoerd Litjens en Sippy Tigchelaar ha mei 30 ynwenners praten, dy ferhalen opnommen en opskreaun. Mei foto's derby fan de minsken dy't oan it wurd komme binne de opskreaune ferhalen bondele yn in boek. En de audio fan de ferhalen komme op in webside dêr't ek de ferhalen út de oare dielnimmende doarpen op komt.  Yn Buro de Vries prate presentator Geartsje de Vries mei Sjoerd Litjens, de inisjator fan it projekt yn Fryslân en mei Acronius Ettema, dy't him as bestjoerslid fan pleatstelik belang Blauhûs sterk makke hat foar de realisaasje.   
Podcast: Raymond Dijkstra: fan lange finzenisstraf nei súksesfol skipsûntwerper

Raymond Dijkstra: fan lange finzenisstraf nei súksesfol skipsûntwerper

Yn de finzenis wurket Raymond Dijkstra oan syn takomst.Yn 2019 waard er yn ingelân feroardiele ta 18 jier sel nei't er op in katamaran trappearre wie mei kokaïne oan board. Nei in pear jier waard er oerpleatst nei in finzenis yn Nederlân en dêr is it slagge om oan syn takomst te wurkjen. Hy folge modules oan de TU Delft en ûntwurp in nij type boat dat tsjinje kin as opliedingsskip foar bemanningsleden fan in skûtsje.
Podcast: Bontebok: Fryske fersetsferhalen fan Jaap Visser

Bontebok: Fryske fersetsferhalen fan Jaap Visser

It begûn allegear mei it ferhaal fan Amsterdamske jonge fuotballerkes, dy't yn de hongerwinter fan 1944 nei it Hearrenfean fan Abel Lenstra stjoerd waarden, om oan te sterkjen. Mar wylst skriuwer en sjoernalist Jaap Visser dat ferhaal optekene, rûchele hy fan it iene Fryske fersetsferhaal yn it oare. It resultaat is it Boek "Bontebok, onderduik en verzet in het land van Abe Lenstra". Ek it ferhaal fan syn eigen famylje stiet yn it boek. En dat spilet him ôf yn in oar part fan Fryslân: de Súdwesthoeke. Klazina Hofstee moetet Visser by it haventsje fan Laaxum.
Podcast: Buro de Vries stekt thermometer yn de Fryske mienskip

Buro de Vries stekt thermometer yn de Fryske mienskip

Wat hâldt Friezen dwaande yn dizze rûzige tiden? Wêr lizze se wekker fan en wêr wurde se krekt fleurich fan? Koart nei de komst fan in nij kabinet, en op de drompel fan de gemeenteriedsferkiezingen stekt it Buro de thermometer yn de Fryske mienskip. Fannewike sochten we it heger op, mei in besite oan Heechterp, Heech en Hegebeintum...
Podcast: Aukje de Vries fan Ljouwert sjocht werom op har perioade yn Den Haach as VVD-politika en -bestjoerder

Aukje de Vries fan Ljouwert sjocht werom op har perioade yn Den Haach as VVD-politika en -bestjoerder

Aukje de Vries fan Ljouwert sjocht werom op har perioade yn Den Haach as VVD-politika en -bestjoerder. Mar ek: wat bin har ambysjes? Soe boargemaster wat wêze kinne miskien?
Podcast: Mirka Antolovic oer Ynternasjonale froulju's dei

Mirka Antolovic oer Ynternasjonale froulju's dei

Mirka Antolovic fan Tûmba oer Ynternasjonale froulju's dei. Wat is it, is it noch nedich? En hoe komt it dat froulju noch faak te hoeden binne om de polityk yn te gean?
Podcast: Froulju fan Fryslân: Geertruid Brouwer

Froulju fan Fryslân: Geertruid Brouwer

Hjoed presys oer in jier komt it jubileumboek "200 Fryske froulju" út fan it Keninklik Frysk Genoatskip. In boek fol mei biografyen fan opfallende froulju fan de ôfrûne 200 jier. Haadredakteur en skriuwer Tialda Hoogeveen hat it ôfrûne jier ferskate froulju yn it sintsje set, troch by ús te fertellen oer harren libben. Hjoed, yn de lêste ôflevering, op ynternasjonale frouljusdei, fertelt Tialda oer it libben fan Geertruid Brouwer.
Part of Motion Delta, AI product studio An AI product studio in Amsterdam, building products people love to use
© 2026 Podric · v. 2026.01.23