Podric logo
Podcast
Podcast Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

Omrop Fryslân

Doorzoek met AI de inhoud van alle afleveringen van Buro de Vries (Podcast) en spring direct naar het juiste fragment.

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.      

Lees meer

Afleveringen — Pagina 6

Podcast: De Haachske boekhannel fan Jogchum de Vries bliuwt bestean

De Haachske boekhannel fan Jogchum de Vries bliuwt bestean

"Hier wil ik wonen", tocht skriuwer Ronald Giphart doe't hy antikwariaat "Colette en Co" oan de Reinkenstrjitte yn Den Haach binnen rûn. Dit boekesaakje leit fol mei bergen twaddehânsk boeken en is it libbenswurk fan de Fryske Jocghum de Vries. Nei 25 jaar woe hy fanwegen âldens en sûnens yn 2020 der mei ophâlde. It boekwinkeltsje drige te ferdwinen. Mar dêr woene de Haagse buertbewenners neat fan witte. Se hawwe mei syn allen it antikwariaat oernaam, draaie frijwilligerstsjinsten yn de winkel, en no is der sels in boek: "Hier wil ik wonen, Het Vrolijke bestaan tussen boekenbergen". Klazina Hofstee gie nei Den Haach en bedarre tusken de steapels en steapels twaddehânsk boeken.
Podcast: Andrea Gonzales Duarte van der Leeuw, in Fryske Kolombiaanse

Andrea Gonzales Duarte van der Leeuw, in Fryske Kolombiaanse

It ferhaal fan Andrea Gonzales Duarte is bysûnder: as lytse poppe kaam se yn Drylts by har Fryske heit en mem. Har biologyske mem yn Kolombia stie har ôf foar adopsje omdat se net foar har soargje en no is Andrea werom yn Kolombia en helpt se froulju en bern yn 'e earme wyk fan de stêd dêr't se wennet, Medellín.
Podcast: Op syk nei poddestuollen mei Betty Kooistra

Op syk nei poddestuollen mei Betty Kooistra

It is wer hjerst en dat betsjut dat de poddestuollen de grûn útsjitte. Natoergids Betty Kooistra fan de Paddenstoelenwerkgroep Friesland nimt it Buro mei nei it Toutenburger Bosk by Noardburgum.
Podcast: Tjeerd de Groot (D66) set punt efter polityk

Tjeerd de Groot (D66) set punt efter polityk

Politiek is niet voor bange mensen', mei in boek ûnder dizze titel, sette Tjeerd de Groot in punt efter syn politike karjère. De Groot wie jierrenlang Twadde Keamerlid foar D66. Lanlike bekendheid krige hy troch syn opmerking dat de feestapel yn ús lân eins de helte lytser wurde moat. Dêrmei sette hy de natsjonale lânbou-diskusje op skerp.
Podcast: Lianne Zandstra oer de dream dy't gjin werklikheid waard: ​​​​​​​"Ik woe mem wurde"

Lianne Zandstra oer de dream dy't gjin werklikheid waard: ​​​​​​​"Ik woe mem wurde"

Aktrise en sjongeres Lianne Zandstra hat jierren yn de medyske mûne sitten. Sy en har man woene graach bern, mar it slagge net. Se skreau der in boek oer.
Podcast: Roos Ykema oer har aktivistyske reis nei Gaza

Roos Ykema oer har aktivistyske reis nei Gaza

Roos Ykema fan Raard helle it wrâldnijs. Se wie ien fan de minsken dy't op in skip mei helpguod ûnderweis wie nei Gaza. Dêr kamen se net, want it Israëlyske leger entere it skip en pakte har op.
Podcast: Direkteur Henk de Vries fan it Fryske Gea nimt ôfskied

Direkteur Henk de Vries fan it Fryske Gea nimt ôfskied

Op 1 oktober nimt Henk de Vries ôfskie as direkteur fan it Fryske Gea. Hy wurdt opfolge troch Chris Bakker. De Vries folge yn 2012 Uiltsje Hosper op. Hy wurke doe al by it Fryske Gea as haad natuurkwaliteit. Op in reinige hjerstdei socht Geartsje de Vries de ôfskiednimmende direkteur op yn syn kantoar yn Olterterp.
Podcast: De fruitbeammen fan Griet Bergsma

De fruitbeammen fan Griet Bergsma

Elkenien dy't in fruitbeam yn de tún stean hat wit: it hat in hiel bêst jier west wat de risping oanbelanget. En dat komt omdat we dit jier in útsûnderlik waarme en drûge simmer hân ha. Reden foar ferslachjouwer Klazina Hofstee omris te sjen yn de tún fan de 83-jierige Griet Bergsma fan Lukswâld. Sy is fan "De Vrienden van het oude fruit", in lanlik kennissintrum fan âlde Fruitrassen, en hat in grut ferskaat fan fruitbeammen yn de tún stean. De measte fan dizze rassen sjogge jo nea yn de supermerk lizzen, se binne kommersjeel sjoen net rendabel om te kweken. En guon fan dizze fruitrassen waarden foar it earst al optekene yn de 18e iuw troch Johann Hermann Knoop, yn it boek Pomologia.
Podcast: Froulju Fan Fryslân: Tjerkje fan De Klieuw

Froulju Fan Fryslân: Tjerkje fan De Klieuw

Alle moannen skine we yn Buro de Vries it ljocht op it libben fan in bysûndere Fryske frou. Dit dogge wy yn oparbeidzjen mei it Keninklik Frysk Genoatskip. Se bestean yn 2027 200 jier en om dat te fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, fertelt haadredakteur Tialda Hoogeveen oer sa'n bysûndere frou en hjoed is dat kroechbazin Tjerkje fan de Klieuw fan Hilaard.
Podcast: Fryslân wrakselet mei Gaza en Israël

Fryslân wrakselet mei Gaza en Israël

Fryslân wrakselet mei Israël en Gaza. Guon Friezen stean foar 100% efter Israël, wylst oaren har de longen út it liif raze by Palestina-demontraasjes. It Buro tekene harren ferhalen op en praatte ek mei Arjen Lont, de honorêr konsul fan Israël en Andre Boers, dy't yn Israël wennet en bekend waard troch 'De Joodse Bruiloft'.
Part of Motion Delta, AI product studio An AI product studio in Amsterdam, building products people love to use
© 2026 Podric · v. 2026.01.23