Doorzoek met AI de inhoud van alle afleveringen van Buro de Vries (Podcast) en spring direct naar het juiste fragment.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Lees meer
Afleveringen — Pagina 3
1 mrt. '26
Theunis Piersma, trekfûgelprofessor, giet mei pensjoen mar set syn ûndersykswurk troch
Theunis Piersma is al 50 jier wittenskipper. Op syn 17e skreau er foar it earst oer in observaasje dy't er dien hie. No is er 67 en giet er mei pensjoen, mar syn ûndersykswurk giet gewoan troch. Piersma syn rol wurdt wol oars, mar ophâlde mei de wittenskip? Nee, dat kin net.
22 feb. '26
Op syk nei spoaren fan Havank
Der hat in tiid west dat hast elkenien wol in boekje fan Havank yn de boekekast stean hie. Dizze Ljouwerter skriuwer, pseudonym van Hans van der Kallen, skreau detectives en is miskien wol de grutste misdiedskriuwer fan Nederlân ea. Skriuwer en âld sjoernalist Sytse de Vries dûkte yn it libben fan Hans van der Kallen en skreau der in teäterstik oer, dat ein maart yn Ljouwert te sjen is. It Buro moetet de Vries op de Wurdumerdyk yn Ljouwert, in strjitte dêr't in grut part fan it libben fan Havank him ôfspiele hat. Wa wie Hans van der Kallen en hoe is hij Havank wurden?
22 feb. '26
Froulju fan Fryslân: Hermien van der Heide
200 opfallende Fryske froulju. Dêr is it Keninklik Frysk Genoatskip nei op syk. Se bestean yn 2027 200 jier en om dat te fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 bysûndere froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek, ljochtet haadredakteur Tialda Hoogeveen eltse moanne by Buro de Vries in opfallende frou derút. Hjoed fertelt Tialda oer it libben fan Hermien van der Heide.
15 feb. '26
Femke Wiersma nimt ôfskied as minister fan lânbou
It binne de lêste dagen foar Femke Wiersma as minister fan lânbou. Nei eksakt 600 dagen draagt se alle dossiers oer oan Jaimy van Essen dy't har opfolget. In ôfskiedspetear.
15 feb. '26
Janny van der Molen oer har boek Uit de schaduw van Anne, oer Margot Frank
It deiboek fan Anne Frank is wraldwiid ferneamd en yn mear as 75 talen oerset. Anne beskriuwt har libben tidens har ûnderdûkperioade yn it achterhûs oan de Prinsengracht yn Amsterdam yn de Twadde Wrâldoarloch. It boek is ien fan de meast lêzen boeken oer de joadeferfolging. Mar ek har âldere sus, Margot, hie in deiboek. Dat is ferlern gien. Foar skriuwster Janny van der Molen fan De Knipe reden om har ferhaal op te tekenjen.
10 feb. '26
Hebe Dijkstra
Operasjongeres Hebe Dijkstra fan Twizelerheide is 83 mar sjongt en swingt noch op it poadium. Se hat in romrofte karriêre yn de operawrâld hân. En no stiet se wer op de planken. As famke fan alve wist se it al. "Ik wurd sjongeres". Op har 83e is it noch net klear. Mei it autobiografyske stik "Coming of age" fertelt en sjongt se mei twa kollega's har ferhaal oer de operawrâld en wat âlder wurden dêryn betsjut.
10 feb. '26
It personiel fan Huize Rijs
Histoarikus en skriuwer Arnoud van de Ridder seach nei de Ingelske Televyzjesearje "Downton Abbey" en krige in idee. Sa as je nei alle gedachten wol witte fertelt dizze tige populêre searje oer de famylje Crawley, dat wennet op Downton Abbey. Mar it ferhaal giet benammen oer it wol en wee fan it personiel fan de famylje. Van de Ridder wennet yn Gaasterlân en woe wolris witte wat de ferhalen binne fan it personiel fan in grut lânhûs dat by him yn de buert stien hat: Huize Rijs. It Buro moetet Van de Ridder by in leech stik lân, flakby it Ryskerbosk.
26 jan. '26
Sljocht fan stiennen
In leafhawwer fan stiennen sjocht altyd nei de grûn, want wa wit leit der in nije skat. Harm Wieringa en Hendrik Zijlstra binne fan dy echte leafhawwers, se binne fan de Fryske ôfdieling fan de Landelijke Vereniging Geologische Activiteiten. Dit wykein binne se te finen yn it Natuurmuseum Fryslân, mei steapels moaie stiennen en mineralen op it jierlikse Geologische musumweekend. Doel is benammen om de leafde foar stiennen oer te bringen op nije generaasjes. Want de mannen binne al fan in respektabele leeftiid. Mar wat is dy leafde no krekt? Klazina Hofstee gie op besite by Wieringa en Zijlstra op syk nei de honger foar stiennen.
26 jan. '26
Froulju fan Fryslân: Diet Huber
200 opfallende froulju. Dêr is it Keninklik Frysk Genoatskip nei op syk. Se bestean yn 2027 200 jier en om dat te fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, ljochtet haadredakteur Tialda Hoogeveen eltse moanne by Buro de Vries in opfallende frou derút, troch in pear opmerklike feiten te fertellen oer har libbensrin. Hjoed fertelt Tialda oer it libben fan Diet Huber.
18 jan. '26
Astrid Pascal oer har boek 'De kapitein en ik'
Astrid Pascal koe foar gjin meter sile. Sterker noch, se hie noch nea op in boat sitten. Dochs stapte se mei har nagelnije leafde op syn sylboat de Zwerver. Wat folge wie in jierrenlange reis om de wrâld. Alle aventoeren dy't Astrid mei har Kapitein, want sa neamt se har man, meimakke hat, hat se opskreaun yn in boek: De Kapitein en ik.