Podric logo
Podcast
Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

Omrop Fryslân

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.      

Lees meer
Afleveringen - Pagina 4
Podcast: Froulju fan Fryslân: Anke Beenen

Froulju fan Fryslân: Anke Beenen

It Keninklik Frysk Genoatskip bestiet 200 jier yn 2027. Om dat de fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, ljochtet haadredakteur Tialda Hoogeveen eltse moanne by Buro de Vries in opfallende frou derút, troch in pear opmerklike feiten te fertellen oer har libbensrin. Hjoed is dat reedrydster Anke Beenen.
Podcast: Eelke (68) mocht syn stamseldonor gjin pompeblêdekaart stjoere

Eelke (68) mocht syn stamseldonor gjin pompeblêdekaart stjoere

Minsken dy't bloedkanker - leukemy - hawwe, kinne yn guon gefallen wer better wurde mei stamseltransplantaasje. De pasjint krijt dan nije stamscellen fan in donor. Stamsellen binne sellen dy't yn it bonkemoarch, it beenmerg sitte. Se kinne harsels fernije en kinne alle typen bloedsellen oanmeitsje. Mar om sa'n transplantaasje dwaan te kinnen, binne der minsken nedich dy't stamsellen donearje. In eardere kollega fan Buro de Vries is sa'n stamseldonor: Annagreet Hofman-Miedema. Hjoed it ferhaal fan har as donor. En ek it ferhaal fan Eelke Heidinga út Ljouwert dy't in stamseltransplantaasje nedich hie. 
Podcast: "Wantrouwen is goed útgongspunt om cybercrime foar te kommen"

"Wantrouwen is goed útgongspunt om cybercrime foar te kommen"

"Wantrouwen is in goed útgongspunt om cybercrime foar te kommen" Dat die bliken by in workshop Cyberveiligheid fan de FNV op it Hearrenfean. Buro de Vries wie der by.
Podcast: By 'de Moedige Moeders' helpe en stypje neisten fan ferslaafden elkoar

By 'de Moedige Moeders' helpe en stypje neisten fan ferslaafden elkoar

De moedige moeders is in organisaasje foar neisten fan ferslaafden. It idee is dat erfarings-saakkundigen mekoar helpe en stypje kinne. Sûnt koart is der ek in ôfdieling yn Fryslân, opset troch Nelleke Wiersma fan Dokkum. It Buro praat mei har én mei Marjolijn Veenstra, dy't har oansletten hat by de Moedige Moeders.
Podcast: Anorexia is in rupsje nooitgenoeg dy't hieltiid minder wol

Anorexia is in rupsje nooitgenoeg dy't hieltiid minder wol

Anorexia. 4 Prosint fan de famkes en froulju hat de ytsteurnis, sa docht bliken út ûndersyk. En dat is miskyn noch in ûnderskatting. In oandwaning dy't dreech te bestriden is. Oan de universiteit fan Grins is der no in bisûndere learstoel om te ûndersykjen hoe't dat komt en wat der better kin by behannelingen. Klaske Glashouwer sil dit ûndersyk dwaan. Ien dy't hiel goed wit hoe swier it is om te herstellen fan Anorexia is Naomi van der Wouw. Se skreaun in boek oer har striid tsjin Anorexia. Yn dizze reportaazje fertelt ek sy har ferhaal.
Podcast: Buro de Vries special oer ferkiezings yn Dútslân

Buro de Vries special oer ferkiezings yn Dútslân

We hawwe it oer út Oasterburen , Dútslân. Nije wike gean se dêr nei de stimbus. En dat kin ek gefolgen hawwe foar út provinsje. We prate der oer mei honorêr consul fan Dútslân Sieger Dijkstra. En wat betsjutte de Dútsers foar ús toerisme. Martin Cnossen fan Merk Fryslân fertelt deroer. En hoe sjocht in Dútske Friezinne nei de sitewaasje yn har heitelân? Barbara Wijbenga Kleinschmid jout har fisy. En ek Dútslânkenner Bearn Bilker, en âld korrespondint yn Dútslân Margriet Brandsma skine harren ljocht op de ferkiezings nije wike.
Podcast: Willem Brouwer (83) wie mantelsoarger foar syn frou: "Ik voelde me de manager van een éénmanskliniek"

Willem Brouwer (83) wie mantelsoarger foar syn frou: "Ik voelde me de manager van een éénmanskliniek"

"Ik wilde haar in haar waardigheid laten", seit âld-gynekolooch Willem Brouwer (83) oer tsien jier mantelsoarch foar syn frou. Syn frou Tineke wie foar har pensjoen anestesiolooch yn it sikehûs MCL yn Ljouwert. Al gau nei har pensjonearring krige se Alzheimer. Brouwer hold alle dagen in deiboek by oer harren libben tegearre. It ferslach resultearre úteinlik yn twa boeken. Brouwer jout geregeld in lêzing oer syn ûnderfining as partner fan in frou mei Alzheimer en oer syn rol as mantelsoarger.
Podcast: Operasjongeres Hebe Dijkstra is 83 mar net âld!

Operasjongeres Hebe Dijkstra is 83 mar net âld!

Se is 83 en hat in romrofte karriere yn de operawrâld hân. En no stiet se wer op de planken. Hebe Dijkstra fan Twizelerheide. As famke fan 11 wist se it al. "Ik wurd sjongeres". Op har 83e is it noch net klear. Mei it autobiografyske stik "Coming of age" fertelt en sjongt se mei twa kollega's harren ferhaal oer de operawrâld en wat âlder wurden dêryn betsjut. In petear mei in bysûndere frou dêr't de libbenskeunst fan ôf spat.
Podcast: It Yndia fan antropolooch Bauke van der Pol

It Yndia fan antropolooch Bauke van der Pol

De Harnser Bauke van der Pol gie as jong feint yn de 70er jierren fia de hippy-trail oer lân op aventoer nei Yndia. It wie leafde op it earste gesicht. Letter waard hy kultureel antropolooch en hat hy ferskate boeken skreaun oer it lân en de kultuerhistoaryske konneksje mei Nederlân en Fryslân. Syn lêste boek is krekt klear: dat giet oer de Nederlânske ynfloed yn de havenstêd Fort Cochin. Ynkoarten sil van der Pol nei Yndia om it boek te presintearjen. Klazina Hofstee gie foar dy tiid noch even by him del.
Podcast: Froulju fan Fryslân: Rixt

Froulju fan Fryslân: Rixt

It Keninklik Frysk Genoatskip bestiet 200 jier yn 2027. Om dat de fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, ljochtet haadredakteur Tialda Hoogeveen eltse moanne by Buro de Vries in opfallende frou derút, troch in pear opmerklike feiten te fertellen oer har libbensrin. We traapje ôf mei in bysûndere dichteres: Rixt, pseudoniem fan Hendrika Akke van Dorssen...
v. 2025.02.01